IK HAW IN FROU OM TE STELLEN, MAR DER KOMT NEA IN DIEF...


Sa begûn Jan Arendz de yntroduksje fan syn frou en toanielpartner Marijke Geertsma op sneintemiddei, 27 april lêstlyn yn Menaam.

 

Ta gelegenheid fan 90-jier toaniel yn Menaam organisearre toanielselskip "Menaem" in toanielmiddei mei meiwurking fan Jan Arendz en Marijke Geertsma. Sy fierden foar de lêste kear harren foarstelling "Sterk Staaltsje" yn'e bar fan de  "Black Horse" op. Yn 1924 waard troch de Fryske Krite, ôfdieling Menameradiel foar it earst in toanielstik yn Menaam op se planken brocht. Ut dizze krite is letter it hjoeddeisk bekinde toanielselskip "Menaem" ûntstien. "Sterk Staaltsje" is in soarte fan fertel/ toaniel fan ferhalen dy't Jan en Marijke sammele hawwe yn ferskate doarpen rûnom yn Fryslân, wêr't sy de minsken harren ferhalen fertelle litten hawwe. Dit binne bjusterbaarlike, koartswillige mar ek tige realistyske ferhalen fan it tiidsbarren fan doedestiids. 

 

It wie in geweldige foarstelling en elkenien hat him/ har kostlik fermeitsje kind. It bleau noch lang rûzich yn Menaam, mar wol hiel gesellich.

 

Wolle jim mear lêze? Klik dan op ûndersteande link.

 

 

Ik haw in frou om te stellen, mar der komt nea in dief
Sterk Staaltsje IK HAW IN FROU OM TE STE
Gecomprimeerd archief in ZIP formaat 6.2 KB