In hylaryske klucht!
In nij jier mei wederom in nije regisseur en nije mooglikheden! Dit jier in klucht yn twa bedriuwen.

It stik "Acht is mear as Twa" wurdt troch ús opfiert op freed 29 en sneon 30 jannewaris 2010, om 20.00 oere yn 'e Black Horse yn Menaam. Sneontejûns is der, sa't jim by ús went binne, wer in moai stikje musyk!

Wolle jo ris by in repetysje yn 'e Black Horse komme te sjen? Kom gerust in kear del! Op tongersdeitejûn binne wy dêr faaks te finen. Fan 19.30 oere ôf!

Gearfetting fan it stik
It stik spilet yn it hûs en kantoar fan Hanna en Hindrik van der Marel. Sy binne fan doel om jûns nei it jierlikse útjouwersdiner te gean. As Lysbeth, Hanna har freondinne en frou fan Peter, wêr’t Hindrik tegeare in útjouwerij mei hat, dat heart freget se oft sy dy jûns it hûs brûke mei om allinnich te wêzen mei har frijer. Peter freget op syn beurt oan Hindrik oft hy it hûs dy jûns brûke mei om in famke út te noegjen dat er noch nea sjoen hat, mar fan de tillefoan kin. As Sylvia, de sekretaresse, heart dat de Van der Marels jûns fuort binne makket sy in ôfspraakje mei de binnenhûsarsjitekt Alex dêr't se mei skarrelt. Mar alles komt op de kop ferkeard as Hindrik in stikje fan in leafdesbrief lêst en tinkt dat Hanna in ferhâlding hat. Hy wol net mear fuort. Panyk yn it hûs, want eltsenien hie der al op rekkene it hûs dy jûns foar him allinnich te hawwen. As alle stikeme freonen en freondinnen dan de jûns komme is de gaos kompleet.


Spilers

Hindrik van Marel (útjouwer) - Jan Doetjes
Peter Lemke (kompanjon fan Hindrik) - Bauke Bootsma
Hanna van Marel (frou fan Hindrik) - Tite Cats
Lysbeth Lemke (frou fan Peter) - Trynke Herrema
Alex Dekker (binnenhûsarsjitekt) - Emiel Adema
Wolter Follema - Leendert Bakker
Silvia (sekretaresse) - Nynke Dijkstra
Agnes Wilkes - Arina Joustra
Rixt Tiete Smid (skriuwster) - Bettina Bralts


Efter de skermen

Ynsteksters - Janet Rekker
  - Saskia Dijkstra
Lûd en ljocht - Wimer Algera
Grime - Liesbert de Schiffart
  - Berber Jorritsma
Toanieloanklaaiing en dekorbou - Dorus Hemstra
  - Jan Dijkstra
  - Domien Adema
  - Minne Dijkstra
  - Folkert Algera
Rezjy - Henk de Vries