Gearfetting fan it stik
Fryske oersetting fan de 'doldwaaze' klucht fan Anthony Marriott en Bob Grant troch Simy Sevenster.

It spilet him allegearre of yn in hotel wat bettere tiden kend hat. It hiele hotel is folboekt yn ferban mei de Ynternasjonale Muzykdagen, in stik bûter yn 'e brij foar de eigners. Boppedat is der noch in dokter dy't mei syn skarreltsje yn 't hotel oernachtet, in jong steltsje op houliksreis en in dame mei in harp dy 't ûnferwachts ynfalle moat op it muzykfestival. Dan is er noch in butler/portier dy't altyd yn 'e kontramine is. Hij is wol in leafhawwer fan foaien, mar net fan syn wurk. Der tusken yn in direktrise dy't besiket it har gasten nei't sin te meitsjen. Dat dat net al te best slagget mei safolle tsjinslaggen, ûngewoane sitewaasjes en nammeferwikselingen, lit him riede. In hotel op stelten!