2020
It toanielstik "Gouden hântsjes" leit alwêr in pear moanne efter ús.
Op dit stuit binne wy drok dwaande om it kommende toanielseizoen wer in leuk stik op de planken te bringen.
Wolsto ek meidwaan? Jou dy gau op!!
Ek binne wy efter de skermen drok dwaande mei it jeugdtoaniel!!
Fynsto it leuk om toaniel te spyljen? Jou dy op fia ús Facebook side of fia "kontakt" op dizze side.
Wat wit spilesto yn 2021 wol in fet leuk toanielstik!!!
Toanielflits 2016 - 2017
Toanielselskip Menaem spilet yn febrewaris it stik “Lamelos” fan Tjerk Kooistra by Horeca Nij Schatzenburg oan de Rypsterdyk 23 yn Menaam.
De repetysjes binne yntusken folop oan’e gong, de bouploech en alle oare produksje meiwurkers binne drok efter de skermen dwaande om der wer in moaie foarstelling fan te meitsjen.
Lamelos is ynspireare op Loenatik, in Nederlânske komyske televyzjesearje.
It stik spilet him ôf yn in psychiatryske ynrjochting. De pasjinten krije foar wat mear sinten in bytsje ekstra soarch. Der sit by allegearre wol in stekje los, mar sy binne dochs sa gek noch net. At sy hearre dat Lamelos ticht giet, wurd der in plan makke om Lamelos iepen te hâlden …..
Ús útfieringsdata binne sneon 4 febrewaris, snein 5 febrewaris, freed 10 febrewaris en sneon 11 febrewaris 2017. De foarstelling op snein begjint om 15 oere 30, de oare foarstellings begjinnen om 20 oere 30.
Ek dit jier is der wer foarferkeap fan kaarten. Op 20 en 21 jannewaris 2017 kinne jim kaarten keapjen by Horeaca Nij Schatzenburg tusken 17.00 en 19.00 oere.
Kom dus op ien fan dizze dagen nei Hoareka Schatzenburg om der wis fan te wêzen dast in plakje hast op ien van ús útfieringsjûnen.
Tagongsprizen seizoen 2016- 2017
|
Freed / Snein |
Sneon |
Leden |
€ 8,- |
€ 10,- |
Freonen T.S. Menaem |
€ 8,- |
€ 10,- |
€ 4,- |
€ 6,- |
|
Net leden |
€ 10,- |
€ 12,50 |
As der nei 22 jannewaris noch kaarten oer binne dan kinne dizze tillefoanysk besteld wurde (06 22329433). De tagongskaarten kinne dêrnei gewoan op de foarstellingsjûn by de kassa betelle en ophelle wurde.
Ien fleach oer it koekoeksnest 2015 - 2016
Toanielselskip Menaem spilet dit seizoen it stik: “Ien fleach oer it koekoeksnêst” by Horeca Schatzenburg!
It kafee feroaret bytsje by bytsje yn in deiferbliuw fan in psychiatryske ynrjochting. De spilers en de produksjeploech binne entûsjast en hurd oan it wurk om yn febrewaris 2016 wer in geweldige foarstelling del te setten.
Mar sûnder publyk wurdt it gjin feest! Dus kom nei Schatzenburg en belibje in bysûndere jûn mei in bysûnder stik.
Yn it stik belânet frijbûtser en krimineel Max Midland yn in psychiatryske ynrjochting, omdat hy blykber gestoard is en opnommen wurde moat. De dokter twifelt lykwols oan de diagnoaze en tinkt dat hy allinnich mar gekheid meitsje wol. It ûntspannen sfearke falt lykwols al gauw ôf, de klinyk is al hielendal gjin ûntspannen rêsthûs, it giet der hurd en strang oan ta. It brûzjend aard fan Max botst mei dat fan de izige, kille suster Werner. Fan de oare pasjinten komme opmerklike karakters tot libben, dy't foar konflikten soargje. Ûntsnappe liket hielendal net sa maklik....
Notearje it alfêst yn jimme agenda: de útfieringsdata binne sneon 6 febrewaris, freed 12 febrewaris en sneon 13 febrewaris.
Sadelpine 2014- 2015
It podium is wer opromme, de seal is leech. Mar wat kinne wy weromsjen op in fantastysk toanielwykein!
Fanôf begjin jannewaris 2015 is der mei man en macht wurke om de seal fan de Black Horse klear te meitsjen foar ús foarstelling “Sadelpine”. Ús frijwilligers ha in protte oeren trochbrocht yn de Black Horse en de goede kontakten mei Gerard en Patricia ha der mei foar soarge dat dêr wurke wurde koe en dat it toanielwykein in sukses waard. Freed wiene der sa’n 120 taskôgers, sneon wiene dat der 200!! Folle bak dus en de band “Duo Men in Black” hat oan't yn de lytse oerkes trochspile.
De resinsje yn it Friesch Dagblad fan 2 febrewaris is der ien om grutsk op te wêzen. Spitich genôch binne wy net mear yn de race om “Sadelpine” op de slútjûn fan de Kriich te spyljen, mar wy hoopje op in goed rapport fan de jury.
Wy wolle foaral jimme, de taskôgers betankje. Foar in folle seal spilet it better en kinne wy knalle! Wy hoopje dan ek dat wy it nij'e seizoen wer op jim rekkenje kinne. Wy wolle ek de middenstân betankje en alle minsken, dy't op hokker wize dan ek, in bydrage levere ha, om dit wykein ta in sukses te meitsjen.
Op it moment dat ik dit skriuw, hawwe wy noch in moai útstapke foar de boech. Wy binne troch de Krite “Fier fan hûs” út Apeldoorn frege om ús stik noch in kear te spyljen en wol op sneon 21 febrewaris. Dat wurdt noch ien kear alles út de kast helje! De bouploech en in protte oaren binne al wer drok dwaande om alle spullen dêr te krijen: it dekor, de fytsen, de technyk ensfh.