In werkenbere komeedzje!
Foar it tredde jier op 'e rige in nije regisseur en dat jout ek dit jier wer de kans der in moai winterskoft fan te meitsjen! Dit jier in komeedzje yn twa bedriuwen.

It stik "Mutsen" wurdt troch ús opfiert op freed 28 en sneon 29 jannewaris 2011, om 20.00 oere yn 'e Black Horse yn Menaam. Sneontejûns is der, sa't jim by ús went binne, wer in moai stikje muzyk!

Wolle jo ris by in repetysje yn 'e Black Horse komme te sjen? Kom gerust in kear del! Op tongersdeitejûn binne wy dêr faaks te finen. Fan 19.30 oere ôf!

Gearfetting fan it stik
Seis sussen, seis ferskillende froulju. Elts mei harren eigen problemen en nijsgjirrichheden. Dochs geane sy elts jier in wykein tegearre fuort. Net mei syn seisen, mar altyd mei syn fifen. In it ferline hawwe twa sussen it kontakt mei elkoar ferbrutsen.
Dit jier komt de ferlerne sus ûnferwachts lâns. Dit hat in heftige oanfarring ta gefolch by de ien en feroarsaket komyske situaasjes by de oar. Yn earste ynstânsje lykje allinnich dizze twa sussen problemen te hawwen, mar as eltsenien earlik en iepen is blykt dat sy allegear in ferboargen geheim te hawwen. Sy hawwe allegear it ien en oar meimakke. Mannen binnen kommen en gien, bern bin grut en it hûs út, karriêres binne stoppe of ôfbouwend. Dochs hawwe alle sussen ien ding wat harren bynt... it ferline.


De seis susters wurde spile troch...

Leida - Arina Joustra
Koby - Tite Cats
Corry - Bettina Bralts
Paula - Trynke Herrema
Nel - Saskia Dijkstra
Ans - Anneke Sinnema


Efter de skermen

Ynstekker - Minne Dijkstra
Spilers-assistinte - Nynke Dijkstra
Lûd en ljocht - Wimer Algera
Grime - Liesbert de Schiffart
  - Berber Jorritsma
Toanieloanklaaiing en dekorbouw - Dorus Hemstra
  - Jan Dijkstra
  - Domien Adema
  - Minne Dijkstra
  - Folkert Algera
  - Janet Rekker
Rezjy-assistint - Janet Rekker
Rezjy - Jelmar Hoekstra
Oarspronklike skriuwer - Christa Warmerdam
Oersetting - Tryntsje van der Zee