Gearfetting fan it stik
De njoggentjinjierige Barend beslút syn libben net mear te weagjen foar in hongerlean. Syn mem Knier probearret him op oare gedachten te bringen, mar Barend hat syn beslút nommen. Op dat stuit keart Barends broer Geert wer werom yn ‘t doarp, neidat er frijlitten is út de finzenis. Geert wol sa gau as mooglik wer nei see, ek al wurdt er flústere dat "De Hoop" amper noch seeweardich is. Reder Bos wol Geert wol meunsterje litte, mei dy betinkste dat er syn broerke mei bringe sil. Foar Barend sit er neat oars mear op dan te gean.