De toanielútfierings fan “De Kat yn de kelder” lizze alwer in pear moanne  efter ús en yntusken  ha wy ús Algemiene Ledegearkomste ek hân. Dat betsjut dat it nije seizoen foar ús begongen is. De lêskommisje giet wer ferskate stikken lêzen en wy hoopje fansels dat wy wer ta in moaie kar komme.
Mei  it stik “De Kat yn de kelder” hawwe wy trije nominaasjes yn de wacht sleept. Op de slûtjún op sneon 13 april binne wy mei in grut oantal leden nei de útrikking west. En wy binne yn de prizen fallen. Mei ús produksje “De Kat yn de kelder” binne wy as twadde yn de A-klasse einige! En dat is wat om grutsk op te wêzen. Ek omdat it in priis is foar de hiele ploech, alle minsken dy't op hokker wize dan ek in bydrage levere ha oan it ôfrûne toanielseizoen.
It publyk joech ús by elke foarstelling  wer fleugels en we hoopje uteraard dat jimme oankommend seizoen wer nei ien fan ús foarstellings komme.

Dit jier bestjit Toanielselskip Menaem 95 jier.Ek hjir ha wy omtinken foar. Oer 5 jier fiere wy dan ús 100-jierig bestean. Wy hoopje fansels dat wy dan noch hieltyd in bloeiende ferieniging binne mei entûsjaste leden. 
Toanielspyljen is in leuke hobby en do hoegst it Frysk net beslist te behearskjen. Boppedat kist  dy as lid ek op oare fronten fertsjinstlik meitsje, efter de skermen yn de bouploech, mei ljocht en lûd, mei klean en attributen. Of misskien wol mei helpe by it finen en benaderjen fan sponsors of fynst it leuk om wat mei sosjale media te dwaan. Elkenien is wolkom! Wolst lid wêze fan it op ien nei bêste  toanieselskip fan Fryslân? Stjoer dan in mailtje.

Dit jier wolle wy ek wer wat dwaan mei jeugdtoaniel . De bedoeling is om yn novimber in ienakter op te fieren. Hjirfoar hawwe wy fansels jeugd nedich. Do hoechst net beslist erfaring te hawwen yn it spyljen, entûsjasme is al foldwaande.
Liket jeugdtoaniel dy wat? Wolst mear witte? Nim dan kontakt op fia dizze side.