Gearfetting fan it stik
Dit jier ha wy it stik "De Finale" fan Tryntsje van der Zee op ‘e planke. It is in blijspul yn twa bedriuwen. Us regisseur Derk Smids út Winsum is ek wer tige entûsjast, lykas ek de spilers, dy’t twa kear yn ‘e wike (tiisdei en tongersdei fanôf 19.30 oere) rippeteare yn ‘e seal fan de Black Horse. Kom gerêst ris sjen as jo ynteresse hawwe yn it spyljen fan toaniel!

It stik giet oer it erfskip fan Rinus Palstra, dy’t by de notaris fia in boadskip op in fideobân oan syn bern witte lit dat syn freondinne it fruchtgebrûk fan syn hûs hat sa lang se libbet. Ek giet yn elts gefal de helte fan syn jild nei in goed doel. As de bern útfine kinne hoksoarte fan goed doel it is, kinne sy de oare helte opstrike, oars giet dy ek nei dat goede doel. Panyk yn ‘e tinte, want se hawwe ferlet fan it jild om ’t se yn ‘e niten sitte, of se gunne in oar neat.

Wy fiere dit stik op, op freed 21 en sneon 22 jannewaris oansteande, om 20.00 oere yn ‘e Black Horse yn Menaam.