In skriller!!

Sûnt it seizoen 1993-1994 net mear spile: in wiere skriller (thriller)! Nei in tal fan jierren 'grappen en grollen' (u.o. "Twa" en "De Breidssuite"), mar ek dramatyk ("Op Hoop Fan Segen" en "Sil de Strânjutter") is it no wer ris tiid om te huverjen. Úteraard sil tusken de rigels troch de noadige humor te finen wêze, mar úteinlik sil der dochs in moard oplost wurde moatte, of net...???

"Ferfalske" is skreaun troch Ton Davids dêr’t wy al ferskeidene stikken fan spile ha. It is oersetten yn 't Frysk troch Gerda van der Wijk.

It stik wurdt troch ús opfiert op freed 26 en sneon 27 jannewaris 2007, om 20.00 oere yn 'e Black Horse yn Menaam.


Gearfetting fan it stik
De heit fan Fleur, in heechbejeftige mar tirannike restaurateur fan skilderijen, is fermoarde. Fleur is oandien, mar net fertrietlik. Se hat har heit eins noait kinnen. It wurdt dúdlik dat ien bepaald skilderij, in Modigliani, in belangrike rol spilet. Dit skilderij is tweintich jier lyn ferfongen troch in ferfalsking. It orizjineel is troch Fleur har heit achterlitten by har mem doe't hy op 'e flecht wie foar de plysje. No siket eltsenien der nei.
As Gijs, de freon fan Fleur, mear wit fan keunst dan hy eins blike litte wol, komt it úteinlik safier dat hy oppakt wurdt foar de moard op Fleur har heit.
Neidat ek de freondinne fan Fleur har heit (Claudette) en har mem (Ada) sich noch mei de saak bemoeien gean wurdt de sfear grimitiger. Úteinlik komt boppewetter wêr it skilderij is. It roazeperkje sil omploege wurde moatte, mar...... wat wurdt dêr oantroffen??


Spilers

Dhr. J. Ensor (ynspekteur) - Bauke Bootsma
Fleur Wouters (dochter) - Marijke Adema
Gijs Waem (freon fan Fleur) - Chris de Vries
Berthil Beusse (privee-detektive) - Domien Adema
Mineke Wouters (mem fan Fleur) - Saskia Dijkstra
Ada ter Stal (mem fan Claudette) - Janneke Bonnema
Claudette (freondinne fan Fleur har heit) - Tite Cats


Efter de skermen

Ynstekster - Wytske Dijkstra
Lûd en ljocht - Wimer Algera
Grime - Berber Jorritsma
  - Liesbert de Schiffart
Toanieloanklaaiing en dekorbou - Folker Algera
  - Dorus Hemstra
  - Jan Dijkstra
Rezjy - Derk Smids