De klucht der kluchten!
In besûnder jier wurdt it dit jier. Wy spielje in premiêrestik yn Menaam! Anneke Burgy hat it stik "De Tante van Charlie" oersetten yn it Frysk fan de Nederlânske bewurking fan Jon van Eerd.

It stik "De Tante fan Charly" wurdt troch ús opfiert op freed 1 en sneon 2 febrewaris 2008, om 20.00 oere yn 'e Black Horse yn Menaam.

Wolle jo ris by in repetysje yn 'e Black Horse komme te sjen? Kom gerust in kear del! Klik hjir foar it skema.

Gearfetting fan it stik
Twa freonen fan stân, Rogier van Aerdenhout en Charles Weijckerham, binne fereale op de famkes Eline en Céline Heemstede. De heit fan 'e beide famkes, Olivier Heemstede, hat it net sa op de beide jonges. It ferhaal giet nammentlik ek dat it jild fan de famylje Van Aerdenhout der aardich trochhinne jage is troch de heit fan Rogier, Everard van Aerdenhout, de âld kolonel dy 't nei de dea fan syn frou op wrâldreis gongen is. As bekend wurdt dat de stienrike tante fan Charles, Donna Lucia d’Alvadorez út Brazilië, widdo wurden is en plannen hat om wer nei Fryslân te kommen gripe de beide freonen harren kâns. Sy noegje de famkes út om yn 'e kunde te kommen mei de tante fan Charles. Op it lêste momint komt echter it berjocht dat tante Donna Lucia, tegeare mei har selskipsdame Ella, net op tiid komme kin. En dan ynienen is dêr de húsfeint Jacob Brasschaet dy 't op it punt stiet in middei frij te nimmen foar de generale repetysje fan syn operetteferiening... Dy spylje "Carmen de Musical" en de haadrol Carmen, in kreaze Spaanske frou út 'e sigarettefabryk, wurdt spile troch... Brasschaet... In plantsje is geboaren...


Spilers
Rogier van Aerdenhout - Bauke Bootsma
Charles Weijckerham (freon fan Rogier) - Chris de Vries
Jacob Brasschaet (tsjinstfeint fan it hûs) - Emiel Adema
Kol. Everard van Aerdenhout (heit fan Rogier) - Jan Doetjes
Eline Heemstede (freondinne fan Rogier) - Marijke Adema
Céline Heemstede (freondinne fan Charles) - Petra Hemstra
Olivier Heemstede (heit fan Eline en Céline) - Domien Adema
Donna Lucia d’Alvadorez (tante fan Charles) - Saskia Dijkstra
Ella Verhage (selskipsdame van Donna Lucia) - Tite Cats

Efter de skermen
Ynstekster - Jannet Rekker
Lûd en ljocht - Wimer Algera
Spilers-assistente - Nynke Dijkstra
Grime - Berber Jorritsma
  - Liesbert de Schiffart
Toanieloanklaaiing en dekorbou - Folkert Algera
  - Dorus Hemstra
  - Jan Dijkstra
  - Minne Dijkstra
Rezjy - Derk Smids