Op 31 jannewaris, 2 en 8 febrewaris spylje wy foar jim by Brasserie A31 oan de Rypsterdyk yn Menaam de tragikomeedzje "Gouden hantsjes" fan Haye van der Heyden. 

 

Mei de pensjonearde sakenman Louis giet it foar de wyn. Alles wat hy oanrekket, feroaret yn goud. Mar die gouden hantsjes kinne net foarkomme  dat syn frou Emma oan kanker stjert. Op har stjerbêd lit se Louis belove dat hy wer lokkich wurde sil. De froulju yn syn omjouwing dogge harren bêst om ynfloed út te oefenjen op hoe't Louis syn libben foarm jout en foaral mei wa! Ek syn soan bemoeit him mei it lok fan Louis.

It is in stik oer it belang fan de leafde en oer de dea. In komysk stik mei seker ek djipsinniche mominten.

 

Kaarten kinne op 17 jannewaris tusken 17.00 en 19.00 oere kocht wurde by Brasserie A31. Dernei kinne kaarten allinnich noch tillefonysk besteld (op wurkdagen tusken 18.00 en 19.00 oere) of oan de kassa kocht wurde. Let wol op: per foarstelling binne der 100 kaarten beskikber.

Toanielselskip Menaem steuntuteraard ek de wurkgroep MFA. In diel fan de opbringst fan ús ferlotting giet nei de MFA. 

Kom dus nei ien fan ús foarstellings, genietsje fan in jûntsje toaniel en keapje foaral lotten!