Skiednis

Skiednis TS Menaem

 

Toaniel Selskip Menaem is ûntstien út de federaasje fan de Fryske Krite 1888 fan Menameradiel.

Yn 1924 wie der by de Fryske krite mei syn Fryske foardrachten, boekferslagen enz. fraach nei Frysk toaniel en sa is de Fryske krite Menaem útein set mei toaniel spyljen. Doe’t yn 1971 de konkluzje lutsen is, dat it iennige dat de Krite noch oan aktiviteiten die, bestie út de bernefoardrachtkriich en toanielspyljen, is der nei in drege ledegearkomste besletten om út de Fryske Krite te stappen en de namme te feroarjen.

Sa is in 1971 Toaniel Selskip Menaem ûntstien. Deselde minsken en it bestjoer bleaune sitten en binne gewoan fjirder gien mei dat wat se it leafste dienen: toanielspyljen!

Yn eardere tiiden wiene wy altyd te finen by kafee de Aardappelbeurs, letter kafee Vocht. Doe’t de boppeseal net mear troch de gemeentlike keuring kaam, binne wy ferhuze nei de Black Horse, wer’t wy no al wer in protte jierren ús thúsbasis hawwe.

 

Nei al dy jierren is TS Menaem in ferieniging mei goed 40 aktieve leden en in protte net aktieve leden en stipers. Wy binne noch altyd mei toaniel dwaande en dogge tige suksesfol mei oan de Fryske toanielkriich.

Alle jirren spylje wy ien toanielstik en dogge dan mei oan de toanielkompetysje dy’t yn Fryslân geande is. Foarop stiet by ús de wille yn’e repetysjes en der wat moais fan meitsjen foar ús doarp.

De sosjale omgong en it gesellich dwaande wêze binne tige wichtige aspekten yn ús ferieniging.

 

No yn 2014 is de jeugdkommisje tige enthousiast dwaande om in ienaktermiddei foar de jongerein fan 8 oant 16 jier te organisearjen. Nei de tige slagge jongerein workshop wer’t 25 jongeren op ôf kamen, binne wy fan miening dat hjier fraach nei is.

Yn ús romte fan de ferieniging binne wy altyd op siiek nei talent, jong as âld, op hokker mêd dan ek.

 

 

Op ús kontaktside kinst dyn ynteresse toane en kinst dy opjaan as it dy wat liket om te spyljen, foar it lûd/ljocht te soargjen, te bouwen of gewoan om te helpen by de organisaasje.