Jo komme dochs ek op 20 april!!!

 

De kaartferkeap is los. Fia dizze link kinne jo kaarten keapje. 

https://www.ticketkantoor.nl/shop/100jiertsm

 

Komme jo mei meardere minsken? Keapje dan deselfde kleur kaart!

 

Belibje in jûn fol ferhalen!

Wolkom by “Snoade ferhalen yn ’e buorren”, in teäter-belibbing troch it hert fan ús doarp “Menaam”. Lit dy meinimme op dizze bysûndere loop troch de strjitten fan Menaam, dêr’t by elke stop in nije, koarte sketch op dy wachtet. Gean mei op in reis lâns sân lokaasjes, elk mei syn eigen ferhaal en snoade figueren. Ús spilers bringe dizze ferhalen yn dizze libbene teäter-loop mei gesellichheid en ferbining.

Datum: 20 april 2024

Starttiid: 19.30 oere

Startlokaasje: De Greate Buorren, Menaam.

Kosten: € 12,50 ( inkl. 1 konsumpsje op fertoan fan jimme kaart oan it ein fan de foarstelling op it Horekaplein yn it Gymnastyk-lokaal)

Praktyske ynformaasje: de kuier duorret krekt wat mear as 2 oeren. Doch noflike skuon oan en klean dy’t passe by it waar. It evenemint fynt sawol bûten- as binnendoarren plak. Der binne net op alle lokaasjes sitplakken foar elk, it is wolris krekt wat te krap. Dizze kuier is dan ek net sa geskikt foar minsken dy’t wat minder op ‘e gong binne.

Yn it ramt fan 100 jier toaniel yn Menaam ha wy dizze foarstelling makke ûnder rezjy fan Hotse Karsten en mei teksten fan Renee Fokkema, Folkert Sijbrandij en Hotse Karsten en is der in prachtige teater-loop ta stân kaam. Dit is dyn kâns om mei te dwaan oan in ûnferjitlike jûn dêr’t ferhalen, teater en mienskipsgefoel beiinoar komme. Oftst no allinnich komst of mei freonen en famlyje, “Snoade ferhalen yn ’e buorren” liket in tige slagge, memorabele, belibbing te wurden.

Wy sjogge der nei út om jimme te ferwolkomjen op dizze jûn!

De jubileum kommisje

 

Locatie Het gymnastieklokaal
Adres Greatebuorren 6, Menaam
Datum 20 april 2024
Tijd 19.30 - 01.00
   
Organisatie TSM

100 JIER TOANIEL YN MENAAM

 

Hoe is it oait begûn?

 

Yn 1852 binne op ferskate plakken Fryske Kriten oprjochte.
De ôfdieling Menameradiel yn 1924 ek begûn mei it spyljen fan Fryske toanielstikken. De boek-lêzingen en Fryske jûnen waarden minder besocht en binne dêrom yn 1970 opholden. Doe waard Toanielselskip Menaam yn 1971 oprjochte en wurde der allinnich noch mar oan toaniel en foardracht dien.
Derom fieren wy dit jier 100 jier toaniel yn Menaam!

Wy binne drok dwaande mei ferskate aktiviteiten yn 2024. De earste foarstelling is op 20 april. Wy biede dan in jûn mei “snoade ferhalen yn ‘e buorren”. Op dizze bysûndere teaterloop troch in part fan Menaam is der by elke stop ( op 7 lokaasjes) in koarte sketch. Elke lokaasje hat syn eigen ferhaal mei snoade figueren. De rezjy is yn hannen fan Hotse Karsten.